Twa kettingbotsingen op A7

03 des 2007 - 08:33
  • in lange file wie it gefolch fan 'e ûngelokken

Op de A7 tusken de ôfslach Tynje en Aldehaske stiet in file fan hast tsien kilometer. Moandeitemoarn hawwe by de ôfslach Aldehaske twa kettingbotsings west. Mear as tsien auto's binne op elkoar klapt. Dêrby binne trije minsken ferwûne rekke.

Foar it skjinmeitsjen fan de dyk, kin it ferkear tusken it knyppunt Hearrenfean en Aldehaske mar oer ien rydstrook ride. Troch de ûngelokken ûnstiene earder ek files op de A32.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)