Twa kear ynbrutsen yn Wolvegea

13 feb 2013 - 11:04
  • Ynbraak

Yn Wolvegea is tiisdeitejûn op twa plakken ynbrutsen. Oan de Zwichtstrjitte is in keukenrút iepenbrutsen om deryn te komen. De bewenner mist in tal sieraden. Oan de Steenwijkerwei binne ek sieraden stellen. De dieder is op it platdak klommen en koe sa fia it rút yn de sliepkemer nei binnen. De plysje ûndersiket beide ynbraken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)