Twa kear te folle dronken

24 des 2006 - 13:03

In 43-jierrige Ljouwerter is sneon twa kear pakt foar it riden mei drank op. De man waard earst oanhâlden op de Drachsterwei yn syn wenplak. Hy krige in rydferbod foar fiif oeren.

In oere foardat dat ôfrûn wie waard de man op 'e nij oanhâlden op de Houn. Op 'e nij moast de Ljouwerter blaze en wer wie syn promilaazje te heech. De man krige wer in rydferbod foar fiif oeren,. De plysje hat him dêrnei net wer sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)