Twa kear stellerij sieraden

04 feb 2014 - 10:20
  • (fotofoarbyld)

De plysje ûndersiket de stellerij fan sieraden op twa plakken yn Fryslân. Op 'e Jouwer is dit wykein ynbrutsen by in hûs oan De Finne. Moandeitejûn wie dat ek it gefal by in hûs oan de Ludingakerke yn Drachten.

Yn beide gefallen koene de dieders it hûs ynkomme troch in rút te fernielen. Hoe grut oft de wearde fan de sieraden is, is net bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)