Twa kear pinpasfraude

21 okt 2008 - 11:06

Sawol op 'e Lemmer as It Hearrenfean waard moandei oanjefte dien fan pinpasfraude. Op 'e Lemmer waard in frou (85) op in parkearterrein troch in man ferteld dat er by de Postbank wurke en har bankpas nedich hie fanwege feroarings by de bank. De frou joech har pas en dêr waard in pear kear jild mei pind.

Op It Fean stelde in man oan in frou fan 86 foar in nije bankpas oan te skaffen mei in maklik te ûnthâlden pinkoade. Ek dêr waard jild mei pind.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)