Twa kear oanholden mei drank op

11 sep 2006 - 12:06

De plysje hat sneintejûn yn Jellum in 66-jierrige man út Easterlittens oppakt. Hy ried yn in auto, wylst er krekt dêrfoar in rydferbod krigen hie. Dat wie omdat er mei drank op achter it stjoer siet.

Eefkes letter seagen de plysjes de man dochs wer yn syn auto riden. Se setten him op 'e nij oan 'e kant. Om't de man him fersette, waard er yn de boeien slein en oerbrocht nei it buro. Dêr waard op 'e nij proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)