Twa kear oanhâlden mei drank op

23 okt 2005 - 18:55

In 19-jierrige ynwenner fan Tsjummearum is yn 'e nacht fan sneon op snein twa kear trapearre op it riden ûnder ynfloed. De Tsjummearumer waard earst op de Hertog van Saxenleane oanhâlden. Syn rydbewiis waard ynnommen en hy krige in rydferbod fan sân oeren.

Mar even letter kaam de plysje de man op 'e nij achter it stjoer tsjin op de Prinses Irenestrjitte. De man waard wer oanhâlden en krige no ek in boete foar it riden tidens in rydferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)