Twa kear goud Van Gerner

19 jun 2011 - 19:21
  • Céline van Gerner op it poadium (foto: Martin de Jong)

Céline van Gerner hat snein op it Nederlânsk kampioenskip turnjen op It Hearrenfean twa gouden medaljes wûn. De turnster fan Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean waard earste op flier en brêge. Op beide ûnderdielen pakte Joy Goedkoop in sulveren medalje. Op balke waard Goedkoop tredde efter Lieke Wevers en Tess Moonen.

Sneon waard Van Gerner al Nederlânsk kampioen op de mearkamp. Op dat ûnderdiel waard Goedkoop ek twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)