Twa kear goud Kamminga op EK

01 jul 2013 - 22:00
  • Manon Kamminga
  • Bianca en Manon

Manon Kamminga hat moandei op it EK inline-skaten op de baan fan Almere twa kear goud wûn. Ta har eigen ferrassing wie se earst de rapste op de 200 meter mei fleanende start, mei fûle faasje oer de startline en dan 200 meter knalle. As iennige kaam de ynwenster fan It Hearrenfean ûnder de 16 sekonden. De Dútse Laethisia Schimek waard twadde. Mei de Nederlânske ploech mei Bianca Roosenboom en Elma de Vries pakte se letter goud op de 3 km ôflossing. Lang like Dútslân de winst te pakken, de sterke einsprint fan Kamminga brocht lykwols goud.

Foar Manon Kamminga wie it al de tredde gouden medalje. Sneon wie se de sterkste op de 10 kilometer ôffalkoers. By de manlju wûn Ronald Mulder goud op de 200 meter en waard de Nederlânske ploech op de ôflossing tredde. Yn dy ploech rieden Crispijn Ariëns, Mark Horsten, Michel Mulder en Lars Scheenstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)