Twa kear goud Elma de Vries

07 maaie 2005 - 15:58

Op de earste dei fan it Nederlânsk Kampioenskip skeelerjen op de baan yn Medemblik hat Elma de Vries fan De Haule twa kear goud helle. Se wûn sawol de 300 meter tydrit as de ôffâlkoers. Foske Tamar van der Wal fan Gryptsjerk waard beide kearen twadde. Tredde plakken wienen der respektyflik foar Carin Ketellapper fan Wolvegea en Nienke Stenekes fan Damwâld.

It NK skeelerjen op de baan duorret noch oant en mei sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)