Twa kear ferlies by futsal

04 des 2004 - 15:03

De sealfuotballers fan Hearrenfean ha freed gjin punten pakt. Yn Roermond ferlearen se mei 6-5 fan Fermania Boys. De posysje op de ranglist fan de earedivyzje bliuwt mei fiif punten krap.

In divyzje leger ferlear Avanti út Stiens mei 6-4 fan ZVU '95. De ploech stie lang mei 4-3 foar. Oan de ein gie it mis. Avanti bliuwt troch de nederlaach yn de ûnderein fan de ranglist stean mei tsien punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)