Twa kafees De Lemmer fallyt

29 jul 2009 - 16:30

Der is fallissemint oanfrege foar de hoarekabedriuwen fan Van Bekkum op 'e Lemmer. It giet om kafeerestaurant De Vuurtoren en grandcafé De Wildeman. Dêr wurde by it skûtsjesilen altyd de protesten behannele.

De eigner fan it ûnreplik guod hat it fallissemint oanfrege om't rekkens net betelle binne. Utbater Van Bekkum sprekt dit tsjin. Neffens him hat er noait berjocht hân dat der in fallissemint oanfrege wie. Hy sil him der tsjin fersette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)