Twa jonges út Drachten oppakt foar oerfal yn Assen

19 feb 2016 - 11:26

Twa jonges fan sechstjin en santjin jier út Drachten binne oppakt troch de plysje. Se besochten yn desimber foarich jier in bewenner fan in hûs yn Assen te oerfallen. It Drachtster twatal wie mei in jonge út Assen en hie bivakmûtsen op. Doe't se trappearre waarden troch in meiwurker fan de thússoarch, naaiden se gau út.

Yn jannewaris kaam der in nije tip fan in tsjûge binnen by de plysje en dy hat laat ta it oppakken fan de fertochten. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)