Twa jonges oanhâlden yn Dokkum

06 maaie 2006 - 14:48

De plysje hat freedtemiddei twa jonges út Den Haach oanhâlden yn de Grutte Breedstrjitte yn Dokkum. De twa, 12 en 14 jier, wurde fertocht fan meardere winkeldiefstallen.

Yn in winkel yn it Dokkumer winkelsintrum waarden de twa op de die betrape by it stellen fan bûslampe. Letter die bliken dat se ek by trije oare winkels al guod stellen hiene. It gie ûnder mear om parfum en sieraden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)