Twa jier sel foar brânstifter

14 jul 2004 - 09:44

In swalker (45) fan Snits is tiisdei troch de Ljouwerter rjochterbank feroardiele ta 30 moanne selstraf wêrfan seis ûnder betingst. De man wie ferantwurdlik foar in grutte brân yn it sintrum fan Snits, earder dit jier.

By de brân baarnden trije pannen folslein út. De swalker moat fan 'e rjochter ek 17.000 euro oan de dupearden betelje. De man krige ek straf foar it mishanneljen fan in tal minsken, ferline jier yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)