Twa iensidige ûngemakken

07 maaie 2008 - 10:16

Yn Koartehimmen is tiisdeitemoarn in famke (2) ferwûne rekke. Se siet by har mem achterop de fyts en op in skulpepaadsje giene se ûnderút. It famke hie ferwûnings yn it gesicht en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Yn Elslo is tiisdeitemiddei in frou (74) ferwûne rekke doe´t se troch ûnbekende oarsaak mei har auto fan ´e dyk rekke en tsjin in beam ried. Se is foar kontrôle nei it sikehús brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)