Twa ielstreupers trappearre by Skraard

09 sep 2015 - 11:30
  • Iel

De plysje hat tiisdeitejûn twa fiskstreupers fan 30 en 44 jier út Súdwest-Fryslân trappearre yn Skraard. De manlju leine mei harren boatsje oan en de plysje die in kontrôle. Yn de boat fûnen se in net mei noch libjende iel deryn. It is ferbean om iel mei nei hûs te nimmen. De fisk is fuortendaliks weromsmiten yn it wetter.

By in hûssiking by ien fan de fertochten hat de plysje ek noch 50 kilo iel fûn yn in frieskast. Ek hat de plysje fûken, skeakelnetten en steand want yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)