Twa himpplantaazjes oprôle

12 des 2008 - 09:50
  • foto: Robertjan Boonstra
  • foto: Robertjan Boonstra

Oan de Jelle Bangastrjitte yn Ljouwert is tongersdei in himpplantaazje oprôle. De plantaazje siet yn twa hokken achter in wenning. Dêr waarden sa'n 250 planten fûn. Dy binne ferneatige, lykas de byhearrende apparatuer. By de wenning waard ek in rubberboat fûn, dy't earder dit jier stellen wie yn Noordwijk. De bewenner (23) fan 'e wenning is oppakt.

Yn in eardere kafetaria oan it Ruterskertier waard tongersdeitejûn in twadde himpkwekerij oprôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)