Twa himpkwekerijen yn Ljouwert

23 jan 2014 - 13:33

It himpteam fan de plysje yn Fryslân hat tongersdei op twa plakken yn Ljouwert in himpkwekerij oantroffen. Yn in wenning oan it Pieterseliewaltje binne fjouwerhûndert planten fûn, dy't sa'n goed as klear wiene foar de hannel. Der binne trije fertochten oanholden. De stroom waard yllegaal ôftape. Yn in flat oan de Abeelstrjitte is tongersdeitemoarn in kwekerij oantroffen dy't al ûntmantele wie.

En yn in flat oan De Kei yn de stêd hat de plysje in bewenner frege om syn meiwurking te ferlienen oan in ûndersyk nei in ekstreem heech enerzjyferbrûk fan 9000 kilowattoere yn it jier op dat adres. De plysje is noch net efter de oarsaak fan it hege ferbrûk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)