Twa himpkwekerijen yn Ljouwert

14 mrt 2013 - 12:25

De plysje hat woansdei op twa plakken yn Ljouwert himpkwekerijen oprôle. By beide kwekerijen binne de bewenners as fertochte oanhâlden. Yn in hûs oan de Leendert Sinnemastrjitte waard in kwekerij mei 145 planten ûntdutsen. Dêr waard in 21-jierrige Ljouwerter oanhâlden.

Oan de Anjen waard letter op de dei yn in wenhûs in kwekerij mei 60 planten ûntdutsen. Yn it hûs wie in 23-jierrige frou út Hoofddorp oanwêzich, sy is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)