Twa gadingmakkers foar NDC

15 des 2012 - 13:57

Der binne twa bieders dy't de NDC Mediagroep oernimme wolle. De útjouwer fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden wol lykwols net kwyt om hokker partijen it krekt giet. Yn de LC fan sneon wurde mediabedriuw BDU, de stifting Fryslân Boppe fan de Friesland Bank, Je Maintiendrai en twa persoanlike BV's fan twa topfunksjonarissen fan de NDC neamd.

De Mediagroep stiet te keap om't memmebedriuw NDC/VBK in skuld fan 180 miljoen euro hat. 'As der nijs te melden is, dan bringe we dat sels', seit haadredakteur Snijder fan de LC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)