Twa Fryske winners Kunstbende

13 apr 2004 - 00:00

De finale fan de Kunstbende hat twa winners út Fryslân opsmiten. Luis Cortez fan De Gordyk is earste wurden yn de kategoary taal. Suzanne Mali is mei Rixt Visser út Frjentsjer earste wurden yn de kategoary teater.

De finale fan de 14e Kunstbende wie sneon yn Utrecht. Der wienen sân dissiplines en de dielnimmers kamen út fyftjin regio's. De keunstwedstriid is foar jongeren fan 13 oant en mei 18 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)