Twa Fryske kânshawwers by Jonge Undernimmerspriis

10 jun 2015 - 09:49

Twa fan de trije finalisten fan de Jonge Undernimmerspriis fan it Noarden komme út Fryslân. It giet om Grytsje de Jong, dy't in metaalbedriuw hat yn Aldhoarne, en Jelmer Spijkstra, hy hat in útstjoerburo yn Drachten. De tredde kandshawwer is Corné van Wilgen út Grins. Hy hat in elektroanikasaak.

Woansdeitemiddei wurdt yn Grins bekendmakke wa't de priis wûn hat. Ferline jier waard de Jonge Undernimmerspriis wûn troch Rudy Olijve fan Earsterwâlde. Syn bedriuw gong lykwols in healjier letter faillyt. Hy hat yntusken in trochstart makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)