Twa Fryske gemeenten gean striid tsjin swalkôffal oan

21 des 2015 - 22:42
  • Swalkôffal yn it gers

Ljouwert en Opsterlân dogge as iennichste twa Fryske gemeenten mei oan in ôffalproef. Maatskiplike organisaasjes krije dêrby in beleanning foar it ynsammeljen fan plestik fleskes, blikjes of oar ferpakkingsmateriaal. Meielkoar binne der yn hiel Nederlân 39 gemeenten dy't meidogge.

De proef begjint 1 jannewaris en moat soargje foar mear maatskiplike belutsenheid by de striid tsjin swalksmoargens. De gemeenten hawwe allegear har eigen opset keazen foar de proef.

Jild foar buertfeest

As bygelyks skoallen of sportklups fleskes of blikjes sammelje kinne se in fergoeding krije fan de gemeente. Der binne lykwols ek gemeenten dy't kieze foar in beleanning yn de foarm fan in skoalbrochje of in buertfeest. De proef is in inisjatyf fan de feriening fan Nederlânske gemeenten, it Offalfûns Ferpakkingen en de stichting Natuer & Miljeu. Der is net in soad animo by noardlike gemeenten. Yn Fryslân dogge twa mei, yn Grinslân ien en yn Drinte net ien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)