Twa Fryske gemeenten dogge mei oan stimtelproef

18 mrt 2015 - 23:08
  • Stimmen telle yn Broeksterwâld

De Fryske gemeenten Dantumadiel en Hearrenfean dogge mei oan in proef mei it oars tellen fan de stimmen by de ferkiezings. Dêrby telle de stimburo's nei sluting de stimmen per partij. Sa kin al fluch in byld trochjûn wurde fan hoe't der op de ferskate partijen stimd is.

Dat is flugger en sa wurdt it gjin nachtwurk foar de meiwurkers. Tongersdei komt in gruttere ploech stimmetellers om de stimmen per kandidaat te tellen. Dat fynt plak op ien sintraal punt. Op It Hearrenfean is dat it Abe Lenstrastadion, yn Dantumadiel op it gemeentehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)