Twa Fryske brêgen stikken

30 aug 2007 - 14:40
  • De brêge by Skûlenboarch: stikken
  • Ferkear, fuotgongers en fytsers kinne der net oer

Twa brêgen yn Fryslân binne op dit stuit kapot. It giet om de brêge by Skûlenboarch en de spoarbrêge by Akkrum. De draaibrêge yn Skûlenboarch stiet iepen, sadat skippen der noch wol del kinne. It ferkear moat omride. Foar fytser en fuortgongers wurdt in pont ynset.

De spoarbrêge yn Akkrum kin net iepen foar boaten. Nei alle gedachten sil it herstel fan dy brêge twa dagen duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)