Twa Friezen yn finale Concours

03 apr 2006 - 17:26

Twa jonge Fryske musisy ha de finale helle fan it Prinses Christina Concours 2006. It giet om de 16-jierrige Saleem Khan út Aldegea Smellingerlân (mei trompet) en om de 12-jierrige Mehmet de Boer út Drachten (mei altsaksofoan).

De jonges moasten mei tritich oaren stride om ien fan de njoggen plakken yn de finale, snein yn Den Haach. Sjongeres Veronika Juhasz fan Hurdegaryp wûn de oanmoedigingspriis en publykspriis, mar helle de finale net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)