Twa Friezen selektearre foar Europeeske Jeugdbrassband

30 nov 2015 - 14:23
  • Brassband De Bazuin fan Oentsjerk (argyffoto)

Twa Fryske muzikanten, Marije van der Weg en Gert Mollema, meie meidwaan oan de Europeeske Jeugdbrassband op it EK yn 2016. Van der Weg is fan brassband Gloria Deï fan Gerkeskleaster-Strobos en De Wâldsang út Bûtenpost. Mollema spilet by brassband Looft den Heer yn Bitgummole en De Bazuin yn Oentsjerk.

De tredde Nederlânske dielnimmer is Annemiek Lindeboom fan brassband Kunst naar Kracht út De Goorn. It is tradysje dat mei de Europeeske kampioenskippen in jeugdbrassband mei talinten út alle dielnimmende lannen spilet.

It 39e kampioenskip wurdt yn april kommend jier hâlden yn it Frânske Lille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)