Twa fragen by referindum

23 feb 2006 - 12:14

By it referindum oer it projekt Nij Saailân moatte Ljouwerters aanst twa fragen beantwurdzje. De earste is oft de minsken foar of tsjin de plannen binne, mei dêryn ûnder oaren de ferhuzing fan it Fries Museum. De oare giet oer de ynfolling fan it plein.

Dêrmei moat dúdlik wurde oft der wol of gjin winkelwand komme moat. Der binne 70 tûzen stimgerjochtigde Ljouwerters. Om in jildige útslach te krijen moatte 22 tûzen minsken stimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)