Twa ferwûnen ûngelok Nij Beets

16 maaie 2009 - 13:21
  • De auto folslein fernield (foto: Michel van Dijk)
  • De auto wurdt fuorttakele

Twa minsken binne sneon slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Domela Nieuwenhuiswei by Nij Beets. De auto mei de twa ynsittenden is troch noch ûnbekende oarsaak op in beam lâns de dyk botst.

De bestjoerder siet beknypt achter it stjoer en is troch de brânwacht út it wrak helle. Ien fan beide hat de skonk op twa plakken brutsen, de oare hat slimme ferwûnings oan de holle. Beide binne nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)