Twa ferwûnen by slim ûngelok

26 jan 2006 - 14:38

By in slim ûngelok by Twizelerheide binne woansdei twa minsken ferwûne rekke. Twa auto's botsten op de Ikewei frontaal op elkoar. Ien fan de auto's fleach dêrnei yn'e brân.

De brânwacht hat it fjoer útmakke. Foar ien fan de slachtoffers is it Mobiel Medysk Team út Grins kaam. Dat slachtoffer moast stabilisearre wurde. It oare slachtoffer is nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)