Twa ferwûnen by Sigerswâld

11 jul 2014 - 11:21
  • Ambulânse

By in ûngelok op de Bremerwei yn Sigerswâld binne tongersdei twa minsken ferwûne rekke. It giet om de 55-jierrige bestjoerder fan Surhústerfean en syn passazjier. Yn in flauwe bocht ried de man mei syn bestelbus rjochttroch en botste tsjin in beam.

In tsjûge ferliende earste help en belle de helptsjinsten. Beide slachtoffers binne nei it sikehûs brocht. Neffens de bestjoerder wie hy yn sliep fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)