Twa ferwûnen oanriding A32

26 mrt 2010 - 14:32

By in ûngelok op de A32 tusken Akkrum en It Hearrenfean binne oan it begjin fan de middei twa minsken ferwûne rekke. It giet om de ynsitters fan in buske dat troch noch ûnbekende oarsaak oer de kop fleach.

De ynsitters rekken dêrby beknypt, sy moasten troch de brânwacht út it buske helle wurde. Se binne oerbrocht nei it sikehûs. Hoe slim se deroan ta binne is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)