Twa ferwûnen by oanriding

09 maaie 2008 - 10:02

By in ûngelok oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp binne tongersdeitemiddei in frou en in famke ferwûne rekke. De frou (52) út Oentsjerk seach te let dat de auto foar har ôfremme foar in file op de strjitte. Se botste ferfolgens op de frou foar har. It famke (17) dat by dy frou yn 'e auto siet, rekke ferwûne troch de klap.

It famke en de frou út Oentsjerk binne mei nekklachten oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)