Twa ferwûnen by Hantum

28 maaie 2002 - 00:00

By in ûngelok by Hantum binne twa minsken út Ternaard ferwune rekke. In 27-jierrige autobestjoerster besocht ûnder it riden wat fan it dashboerd te krijen. De auto begûn te slingerjen, fleach de boskjes yn en kaam stil te stean tsjin in beam.

De bestjoerster siet klem, dat de brânwacht moast har derúthelje. Hja en in passazjier (20) wiene ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)