Twa ferwûnen by botsing N359

09 des 2009 - 10:06

In skiep hat tiisdei in oanriding feroarsake wêrby't fjouwer auto's belutsen wiene. By de botsing rekken twa froulje ferwûne. It ûngemak wie op de N359 by Burchwert. In 19-jierrige automobiliste moast útwike foar it skiep en bedarre op de ferkearde kant fan de dyk. Dêr botste in 49-jierrige bestjoerder út Aldemardum op de auto. De man kaam mei syn auto yn de sleat.

In in frou út Bakhuzen (27), stoppe op tiid. In frou (26) út Boalsert botste doe op de auto fan de Bakhúster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)