Twa ferwûnen bedriuwsûngefal

03 maaie 2012 - 10:28

Twa wurknimmers fan in stielferwurkingsbedriuw op 'e Jouwer binne woansdei by in bedriuwsûngefal ferwûne rekke. By it bûgjen fan metaal knapte in plaat. Dêrtroch rekken in man fan 42 út Drachten en in man fan 28 út Ljouwert ferwûne.

De manlju binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe't it ûngelok barre koe is net dúdlik, de Arbeidsynspeksje ûndersiket dat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)