Twa famkes seksueel mishannele

18 apr 2001 - 00:00

De plysje ûndersiket oft der ferbân bestiet tusken de seksuele mishanneling fan twa famkes yn Drachten tiisdei en de ferkrêfting fan in 10-jierrich famke yn Drachten foarich jier.

Tiisdei waarden twa famkes fan 12 en 13 jier yn Drachten misbrûkt. De plysje siket de dieder noch. It giet om in man fan sa'n 20 jier. De ferkrêftingssaak fan foarich jier is noch net oplost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)