Twa drugsoanhâldings op Skylge

13 jul 2011 - 11:13

Yn Formearum op Skylge binne twa jonges út Almere fan 16 en 17 jier oanhâlden, omdat se drugs by har hiene. Plysjeminsken seagen de jonges rinnen. By kontrôle die bliken dat de jonge fan 17 himp (weed) by him hie.

De oare jonge hie speed by him en ek in flintermes. Se binne meinaam nei it buro. Nei't se dêr heard wiene, mochten se wer fuort. De plysje hat wol kontakt socht mei de âlders fan de jonges om se fan de arrestaasje op de hichte te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)