Twa drugshannelers arresteard

12 okt 2007 - 10:41
  • De Mercuriusfontein yn Ljouwert is berucht om de drugshannel.

Yn Ljouwert binne tongersdei twa ynwenners fan de stêd oanhâlden fanwege hannel yn harddrugs. In treddenien waard oanhâlden omdat er drugs kocht.

De plysje seach dat de trije mei elkoar oan it ûnderhanneljen wiene by de Mercuriusfontein yn Ljouwert. Se binne meinaam nei it buro. De twa hannelers sitte noch fêst, de man dy't de drugs kocht mocht wer fuort neidat er heard wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)