Twa drankriders yn ien auto

04 feb 2008 - 12:56

De plysje hat moandeitemoarn yn De Westereen twa manlju op 'e ban slingere dy't nei inoar mei te folle drank op yn deselde auto achter it stjoer sieten. De earste wie in man fan 42 jier út Kornhorn, hy moast syn rydbewiis ynleverje.

Syn maat (38) fan Surhuzum naam dêrom it stjoer oer. Mar ek hy waard kontrolearre en hy ek tefolle dronken. Boppedat hie de Surhúster gjin jildich rydbewiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)