Twa drankriders trappearre

10 apr 2012 - 10:39
  • Hoareka

De plysje hat moandei yn de Stellingwerven twa automobilisten betrape op riden mei tefolle drank op. Yn Nijeholtpea gie it om in 72-jierrige man, yn Easterwâlde om in 22-jierrige begjinnend bestjoerder út dat plak. Dy lêste waard trappearre by in kontrôle nei ôfrin fan in autocross.

Neist dat de twa har rydbewiis ynleverje moasten, waard der proses-ferbaal tsjin har opmakke. Ek besjocht it CBS oft se yn oanmerking komme foar in alkoholslot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)