Twa dieders yn saak-Lusanne

01 sep 2003 - 00:00

De plysje freget op 'e nij omtinken foar de ûntfiering fan Lusanne van der Gun. Dat bart moandeitejûn yn it programma 'Opsporing Verzocht'. Dêr sil benammen oandacht wêze foar it sinjalemint fan de twa ûntfierders.

Dat it om twa dieders giet is no wol dúdlik. Op har tocht nei Limburch moast Lusanne ûnderweis oerstappe yn in oare auto. Ek is bekendmakke dat Lusanne trije dagen in blyndoek om hân hat en dat se in kear nei hûs belle hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)