Twa deadlike ûngelokken

24 maaie 2001 - 00:00

In famke fan sân jier út Boerum is woansdei nei in ferkearsûngelok yn it sikehûs stoarn. Se fytste op de Wijtsmawei yn har doarp. Doe't in auto har ynhelle, wykte se nei links út. De automobilist koe har net mear ûntwike.

In 19-jierrige Gauster is om it libben kommen by in iensidich ûngelok yn Goaiïngea. In passant trof de auto op de kop yn de sleat oan. De man wie doe al dea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)