Twa deaden ûngelok De Lemmer

23 feb 2014 - 15:22

Der binne twa minsken om it libben kaam by in frontale botsing op de N359, de Plattedyk, by De Lemmer. It giet om in âldere man en in jongere frou fan wa't de identiteit noch net bekend is.

Ien auto rekke oer de kop en bedarre yn de sleat. Neist de twa deaden binne der ek twa slim ferwûnen, dy't nei it sikehûs brocht binne. Mooglik is der ek in tredde auto by it ûngelok belutsen.

De plysje hat de dyk tusken de rotonde fan Sondel en De Lemmer oan beide kanten ôfsletten en in omlieding opset. Brânwacht, plysje en ambulânses binne teplak. De trauma-helikopter dy't ynset waard, is healweis wer weromroppen. Hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)