Twa deaden op boareilân

14 jun 2013 - 14:28
  • Boarplatfoarm yn de Noardsee

By in ûngelok op in boareilân yn de Noardsee binne freedtemoarn twa minsken om it libben kaam. In tredde slachtoffer is mei swiere ferwûnings mei de helikopter nei de fleanbasis yn Ljouwert brocht. Dêrwei is de persoan mei in ambulânse nei it MCL brocht.

Neffens de earste berjochten is in lossketten slang de oarsaak fan it ûngelok. Mear koe de kustwacht der noch net oer sizze. It boareilân is eigendom fan de Frânske enerzjymaatskippij GDF Suez. It leit op 100 km noardwestlik fan Den Helder.

De plysje en Staatstoezicht op de Mijnen dogge ûndersyk nei it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)