Twa deaden fûn yn Hallumer feart

16 feb 2005 - 09:52

In 23-jierrige man út Ie en in 25-jierrige man út Dokkum binne yn de nacht fan moandei op tiisdei omkommen yn de feart by Hallum. De plysje krige tsjin fiven in melding oer in auto dy't op de kop yn de Hallumer feart lei, mei de bannen boppe wetter. De slachtoffers binne út it wetter helle en oerbrocht nei it mortuarium yn Ljouwert.

Oer de tadracht fan it ûngelok is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)