Twa deaden by ferkearsûngelok

25 jan 2004 - 00:00

By in ûngelok op de A32 binne snein twa minsken om it libben kommen. It giet om in 44-jierrige ynwenner fan Hearrenfean en in 44-jierrige ynwenner fan Stienwyk.

De Feanster autobestjoerder ried op de ferkearde helte fan de dyk tusken Wolvegea en It Hearrenfean. Hy wie fia de ôfrit Oranjewâld de sneldyk opriden. De spookrider botste frontaal op de auto fan de Stienwykster. De dyk hat fanwege de ravaazje twa oere ôfset west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)