Twa deaden by auto-ûngemak

06 nov 2000 - 10:59

Twa ynwenners út Oentsjerk, in man fan 77 en in frou fan 72 jier, binne sneontejûn om it libben kommen by in autoûngemak yn har wenplak. De brânwacht moast de slachtoffers út de auto helje. In tredde ynsittende rekke ferwûne.

It 77-jierrige slachtoffer joech gjin foarrang op de Rengerswei oan in automobilist (23 jier) út Oentsjerk. Hy rekke, krekt as syn passazjier, net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)