Twa broers út Snits komme om by kano-ûngelok yn de Ardèche

21 sep 2015 - 11:35
  • De regionale krante Le Dauphiné Libéré berjochtet oer it kano-ûngelok

Twa broers fan 11 en 18 út Snits binne snein yn Frankryk ferdronken. Se wiene oan it kanofarren yn de Ardèche. De broers sieten tegearre yn de kano, doe't dy omsloech. Se waarden meinommen troch de streaming.

Neffens lokale media wie har heit yn de buert doe't se ferdronken. Al gau waard in grutte sykaksje ynset troch de helptsjinsten. It lichem fan de jongste jonge waard letter fûn troch foarbygongers. It lichem fan de âldste wurdt noch fermist. De heit en de soannen wiene op fakânsje yn in húske oan de râne fan de Ardèche.

Moandeitemoarn is de sykaksje wer opstarten troch dûkers fan de Frânske gendarmery. It ûngelok is neffens de Frânske autoriteiten bard by de brêge fan Ruoms. De jonges hiene neffens de prefekt fan de Ardèche, Alain Trillon, beide in swimfest oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)